Yn de Gordyk, tongersdei 12 maaie de pream klear makke, mêst del en freedtemoarn op e tiid rjochting De Holken.
Foar de Rolbrêge sawat in oere wachte fanwege in steuring .De hurde wyn rjocht op e kop en mei in protte “gebots” oer de Heegermar en de Fluessen op de Holken oankaam.
Omdat 2 fan ús fêste bemanning, Rik trochsniende pees, Marwan wurk, binne we mei Hans, Klaas, Iwan (fêst) en opstapper Sytze Brouwer (skipper Gerben van Manen) de striid oangong !
Mei help fan it maoie waar en wynkrêft, wie it mei 4 man te dwaan. We hiene alle fjouwer de hannen fol en dêrtroch gjin tiid om om ús hinne te sjen, allinnich dan dat wat foar ús belangryk wie…… Wêr lizze de tonnen, wêr leit de geunstiche flaag, wêr binnne de oare preammen, kinne we frij farre enz.
Perfoarst gjin tiid en each foar de konkurrint, oars dan as je net fier ôf lizze.
Dus allinnich wat ús bybleaun is de 2e wedstryd, de moaie striid mei Wiebe (pream 20) en syn mannen, in “close”finish op sneon. De oare beide wedstryden wiene foar ús.
Op snein wer prachtich sylwaar en Marvin as fêste bemanning foar Sytze, dus wer mei fjouwer en drok mei ús sels dwaande.
By de 1e start wiene we te betiid , dêrom as de bliksem om de boppetonne gybje , wol wat te let, mar moai heech fuort. Eelke (pream 4) kaam yn it begjin soms tichtby, mar koene we beide wedstryden frij sile en sadwaande beide kearen winne.
We hiene graach wat mear ferslach dien, hoe de oare preammen syld ha, mar dat hawwe we gewoan net sjoen en we wisten ek net dat we in ferslach meitsje moesten.
It is net oars, mar ut de reaksjes nei de wedstryden en it Chineeske iten, kinne we wol opmeitsje dat elstenien it tige nei `t sin hawn hat.
Op nei de Gaastmar op 25 en 26 juni !!
Fam. Boersma